Grut ûngelok op Ofslútdyk mei ferskate auto's en campers

09 aug 2015 - 12:43

De Ofslútdyk tusken Fryslân en Noard-Hollân is by Breesândyk stremd fanwege in earnstich ûngelok dêr't ferskate auto's, in camper en in caravan by belutsen binne. De plysje sprekt fan in gaos. De helptsjinsten binnen ûnderweis. De traumahelikopter wurdt ek ynset. In ûnbekend tal minsken is ferwûne rekke. Yn ien fan de belutsen auto's siet de autorider beknipe. De brânwacht hat it slachtoffer befrijd. De persoan is oanslutend troch de traumahelikopter ôffierd.

De Ofslútdyk is foarearst ôfsletten foar it ferkear fan Fryslân nei Noard-Hollân.

Foar it plak fan it ûngelok stiet in file fan in pear kilometer. De plysje advisearret ferkear dat nei Noard-Hollân wol om oer de A6 troch de polder te riden. De Ofslútdyk giet op syn betiidst om 16.00 oere hinne wer iepen. It ferkear dat fêst siet achter it ûngelok mei no oer de flechtstrook fierder ride rjochting Noard-Hollân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)