Deinumer oppakt op fertinking fan ynbraak yn auto

09 aug 2015 - 11:34

Yn Deinum hat de plysje sneontenacht in 30-jierrige man út Deinum oanhâlden op fertinking fan it besykjen om yn te brekken yn in auto. Tsjûgen seagen de man út de auto fan ien fan har âlden kommen. Se hâlden de man oan en bellen 112. De fertochte is oppakt.

Ut ûndersyk die bliken dat hy noch by in oare auto west hie. Wat de man krekt meinommen hat is noch net dúdlik..

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)