Man ferstoarn by Nijskoat nei skootmobylûngelok

08 aug 2015 - 15:26

In 73-jierrige man út It Hearrenfean is sneontemiddei ferstoarn nei't er by de Rotstergaastwei by Nijskoat mei syn skootmobyl yn it wetter rekke. De man rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter flak neist de brêge oer de Engelenfeart.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)