Sipelbedriuw Konaxx Onions út Sint-Jabik draait wer

08 aug 2015 - 12:38

Sipelbedriuw Konaxx Onions út Sint-Jabik is dwaande mei in nije start. Begjin jannewaris waard bekend dat it bedriuw troch de Russyske boykot op de ynfier fan grienten en fruit yn swiere finansjele problemen siet. Doe binne alle aktiviteiten fan it bedriuw stilset. Sa'n 60-70 prosint fan de ôfset gong nammentlik nei Ruslân ta.

Konaxx ferpakt en eksportearret sipels, woartels en biten. Nije wike rôlje de earste sipels by it bedriuw wer fan de bân. De direkteur tinkt dat it noch in skoft duorret foar't it bedriuw nei Ruslân eksportearret.

Foar 10 fan de 12 meiwurkers is der no wer wurk. De twa meiwurkers dy't gjin wurk mear hawwe by it sipelbedriuw, hawwe gjin dien krigen, mar binne yn goed oerlis mei it bedriuw fuortgien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)