Mooglik streuperij yn bosken Gaasterlân

08 aug 2015 - 12:28

Yn de bosken fan Gaasterlân wurdt mooglik nachts streupt. De plysje kriget geregeld meldings binnen fan sjitterij yn de bosken, wylst dêr gjin fergunning ôfjûn is foar jacht yn de nachtlike oeren.

Ek binne op ferskate plakken yn de bosken bloedspoaren en yngewanten fan wyld fûn. Dit wiist op mooglike streuperij. De plysje siket tsjûgen dy't wat heard of sjoen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)