Frjentsjerter pakt nei strjitrôf yn Ljouwert

08 aug 2015 - 11:22

In 27-jierrige man út Frjentsjer is freed yn Ljouwert oanhâlden foar strjitrôf. Mei in twadde man berôve de Frjentsjerter op it Stasjonsplein in 51-jierrige man út Grins fan syn telefoan en in tas mei dêryn in beurs en in sinnebril. De manlju naaiden út, mar de Frjentsjerter koe mei help fan in goed sinjalemint oanhâlden wurde. De plysje siket noch nei de twadde fertochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)