Famke ferwûne nei oanfarring mei motorboat

08 aug 2015 - 11:16
  • De brêge oer it Van Harinxmakanaal by Deinum

In famke út Frjentsjer is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanfarring mei in motorboat. Se wie oan it swimmen yn it Van Harinxmakanaal, doe't in 15-jierrige jonge út Frjentsjer mei wat freonen op in boat oanfarren kaam. De jonge woe weagen meitsje foar twa famkes dy't op de kade sieten, mar rekke dêrby it famke dat oan it swimmen wie.

It slachtoffer rekke ferwûne oan rêch en skouderbonke en moast nei it sikehûs. De jonge skipper naaide út, mar de plysje koe syn identiteit achterhelje.

Hy is oansprutsen en moat him meikoarten by de plysje melde. De boat is yn beslach naam foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)