Bemanningslid ferwûne by silerij by De Lemmer

08 aug 2015 - 10:41

By it IFKS-skûtsjesilen op 'e Lemmer is sneontemoarn in bemanningslid ferwûne rekke fan it skûtsje Zeldenrust. Fan it skip mei skipper Arnold Veenema bruts de gyk en dy rekke de rêch fan in bemanningslid. Dy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De Zeldenrust, dy't útkomt yn de B-klasse, moast de wedstryd stake.

By de silerij op De Lemmer is ek in skûtsje omgien. It skûtsje de Galamadammen fan skipper Michael Boxum die mei oan de wedstriid yn de C-klasse. Neffens in wurdfierder is de bemanning út it wetter helle en is it skûtsje yntusken wer oerein set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)