Lytse suveringsynstallaasjes yn Snitser wenwyk

07 aug 2015 - 16:04

Yn de Snitser wenwyk Noarderhoek set de gemeente Súdwest-Fryslân útein mei in grut wetterprojekt wêrmei't bewenners jild besparje kinne. Yn de wyk wurdt mei lytse lokale suveringsynstallaasjes ôffalwetter fan bewenners suvere. Dat streamt dêrnei folle skjinner it oerflaktewetter yn.

Rûze wurdt dat in húshâlden dêrtroch 20 oant 25 prosint oan suveringskosten besparret. De gemeente woe yn 2013 eins al mei it projekt begjinne, mar de bou fan nije hierwenningen yn Noarderhoek rûn doetiids fertraging op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)