Lytse Lies wint op de Iselmar by De Lemmer

07 aug 2015 - 15:52
  • argyffoto winst Brundel
  • Lytse Lies wint by De Lemmer

De Lytse Lies fan Tony Brundel hat freed de sechsde IFKS wedstriid op De Lemmer wûn. Op de Iselmar hie Brundel de bêste start en kaam as earste om de boppewynse tonne, op 'e foet folge troch de Emanuel mei skipper Merijn Olsthoorn. De nûmer twa út it klassemint die noch wol in oanfal op de Lytse Lies, mar einige as twadde.

Olsthoorn docht goede saken yn it klassemint en rint yn op koprinner de Jonge Jasper fan skipper Froukje Osinga-Meijer. Meijer hie in hiele minne start en koe de wyn net te pakken krije. Dêrtroch is de spanning werom.

It tredde plak by De Lemmer wie foar de Wylde Wytse fan Sikke Heerschop. De Zes Gebroeders mei skipper Klaas Kuperus einige as fjirde, folge troch It Swarte Wief fan Jaap Hofstee.

Koprinner de Jonge Jasper einige nei in lange ynhelrace úteinlik as tsiende en giet noch altyd oan de lieding mei 13,8 punten. Twadde is de Emanuel mei 16 punten, folge troch de Lytse Lies mei 16,8 punten op it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)