Bar Bastille yn Ljouwert hat in nije namme: Barbascule

07 aug 2015 - 14:31

Bar Bastille út Ljouwert hjit tenei Barbascule. De namme Bastille is ek de namme fan in kafee yn Amsterdam. En dy hie der in beskerme namme fan makke troch him fêst te lizzen. Hjir wie de bar út Ljouwert net fan op 'e hichte.

Hienen de Ljouwerters de namme net feroare, dan wie der in rjochtsaak kaam. Bar Bastille hat dêrom besletten om in nije namme te betinken. De reaksjes binne oant no ta posityf, sa seit bedriuwslieder Danny Schoorl fan Barbascule.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)