Súdwest-Fryslân langer troch mei wetterprojekt Mozambyk

07 aug 2015 - 14:19

De gemeente Súdwest-Fryslân giet noch twa jier troch mei it Fryske projekt Skjin wetter foar Mozambyk. De gemeente betellet noch twa kear 42.000 euro mei oan it projekt. Dit is neffens Súdwest-Fryslân nedich om it projekt goed oerdrage te kinnen oan de lokale befolking, sadat it wurk fan de ôfrûne jierren net foar neat west hat.

Mei it projekt wurde de sanitêre foarsjennings ferbettere en wurdt foarljochting jûn. Hast alle Fryske gemeenten, it Wetterskip, de provinsje en wetterleveransier Vitens dogge mei oan it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)