Boetes foar skippers en supper yn Natura 2000 gebiet

07 aug 2015 - 14:08

De wetterplysje en it Fryske Gea hawwe tongersdei by de Iselmarkust by Warkum ferskate boetes útdield oan skippers dy't yn it Natura 2000 gebiet wienen, wylst dat ferbean is. It giet om trije skippers en in supper, in peddelaar op in surfplanke.

Op it strân fan de Makkumernoardwaard, ek ûnderdiel fan Natura 2000, waard in stel oantroffen. Sy krigen ek in boete. In groep jetskiërs krige in warskôging om't se te hurd farden binnen 250 meter foar de kust. De plysje hie klachten oer de groep krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)