Van der Pol ferfangt skipper Jeroen de Vos yn de IFKS

07 aug 2015 - 14:01

Wander van der Pol ferfangt freed op De Lemmer skipper Jeroen de Vos op de Eelkje II yn de IFKS. De Vos rekke tongersdei swierferwûne by in oanfarring mei it skûtsje de Raerder Roek op de Tsjûkemar. De skipper krige in triuw fan it helmhout en kaam doe mei syn holle ûngelokkich terjochte. Yn it sikehûs hat bliken dien dat De Vos in skedelbasisfraktuer hat.

Normaal sprutsen moat in skûtsje alle wedstriden farre mei de bemanning dy't op papier stiet. Mar no hat de IFKS-organisaasje in útsûndering makke en mei Van der Pol toch dielnimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)