Horloazjemakker De Jouwer nominearre foar Europeeske priis

07 aug 2015 - 12:02

It Jouster horloazjemakkersbedriuw Christiaan van der Klaauw is mei twa horloazjes nominearre foar de European Watch of the Year Award. De 70-jierrige Christiaan van der Klaauw rjochte it bedriuw yn 1974 op. It bedriuw is benammen bekend fan de astronomyske horloazjes fan gemiddeld 20.000 euro it stik.

Ien fan de modellen hat sels it lytste wurkjende planetarium op 'e wrâld. Yn de rin fan dit jier wurde de winners bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)