Manlju mei speed en GHB oppakt yn Ljouwert

07 aug 2015 - 10:44

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitejûn twa manlju fan 37 en 39 jier oanhâlden foar drugsbesit. Plysjes seagen dat it duo op de Menno van Coehoornstrjitte drugs besochten te keapjen fan in tredde man. De mooglike ferkeaper en de beide Ljouwerters waarden kontrolearre.

De tredde man hie neat by him en mocht gean. By de twa Ljouwerters fûn de plysje speed en GHB. De drugs binne yn beslach naam. De beide manlju krigen in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Ljouwert drugs GHB speed
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)