Eksperimint mei sinnepanielen op talúd by Boazum

06 aug 2015 - 20:30

De gemeente Littenseradiel jout tastimming foar de opstelling fan 594 sinnepanielen op it talúd fan in reed rjochting in pleats by Boazum. It giet om in eksperimint fan ûndernimmer Ton Poelsma dy't op dizze wize útsykje wol oft sa'n opstelling wurket en takomst hat. De fergunning jildt earst foar in perioade fan twa jier. By wet is it net tastien om bouprojekten, en dus ek gjin sinnepanielen, yn it iepen fjild del te setten.

Neffens wethâlder Bram Bonnema fynt syn gemeente dat der mei it each op de takomst fan de boargers romte wêze moat foar sokken eksperiminten. Poelsma wol op dit stuit foar de mikrofoan gjin taljochting jaan op syn projekt. Hy wol earst sjen wat syn eksperimint opsmyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)