Earste part fan de Sintrale As earder iepen

06 aug 2015 - 16:45

It earste part fan de Sintrale As is sa goed as klear. It stik fan Dokkum oant de Boppewei by De Westereen giet begjin oktober al iepen. Dat is twa moannen earder as tocht. De kommende wiken wurde de lêste puntsjes op de 'i' set. It giet dan om it pleatsen fan paadwizers en ek moat der noch in feilichheidstest dien wurde.

It ferkear kin earder ek al gebrûk meitsje fan in lyts stikje fan de Sintrale As. De dyk wurdt dan brûkt as omlieding om't de Haadwei tusken De Falom en de rotonde by De Westereen tichtgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)