Ynwenners gemeente Hearrenfean skiede ôffal better

06 aug 2015 - 15:19

De proef om minder restôffal yn te sammeljen yn de gemeente Hearrenfean hat resultaat opsmiten. De ynwenners fan De Knipe en De Heide hawwe in jier lang harren bêst dien om it ôffal better te skieden. It ynsammele ôffal is op beide plakken ôfnaam.

Yn De Heide mei gemiddeld sa'n 43 kilo minder rêstôffal per persoan en yn De Knipe sa'n 74 kilo. In gemiddelde ynwenner yn de gemeente Hearrenfean hat no 189 kilo rêstoffal per jier, dit wol de gemeente noch werombringe nei 100 kilo.

Dat is noch net hielendal slagge, mar troch it grutte ferskil dat der no is, wol de gemeente ûndersykje oft se de proeven ek yn de rêst fan de gemeente dwaan kinne.

Gemeenten hawwe dizze opdracht ek krigen fan steatssekretaris Mansveld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)