Arriva set mear skoalbussen yn

06 aug 2015 - 14:56

Ferfierder Arriva set spesjale skoalbussen yn om learlingen gau en streekrjocht nei de skoallen te krijen. It giet om saneamde 'collegeliners' dy't fanút alle hoeken fan de provinsje nei de grutte ûnderwiisynstellings ride. It giet dan om bussen fanút Eanjum, Makkum en De Lemmer dy't nei Ljouwert ride.

In oare bus giet fanút Makkum streekrjocht nei Snits. Ek komt der in rappe busferbining fan it stasjon yn Ljouwert nei de Dairy Campus. De oare 'collegeliners' dy't al ride, bliuwe bestean. De nije tsjinstregeling giet snein 16 augustus yn.

Trefwurden: 
Arrvia skoalbus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)