Asbest fûn yn earder pjutteboartersplak Jiskenhuzen

06 aug 2015 - 13:56

Yn it eardere pjutteboartersplak de Bûkemantsjes yn Jiskenhuzen is asbest oantroffen. De gemeente De Fryske Marren hat it gebou ferline jier ferkocht. De nije eigeners wolle der in wenning fan meitsje, mar dêrfoar moat earst it asbest fuorthelle wurde.

It asbest is oantroffen ûnder de flierren. Dêrom giet de gemeente derfan út dat der eartiids gjin gefaar west hat foar de pjutten en it personiel fan de Bûkemantsjes. De sanearring set healwei augustus útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)