Opnamen spylfilm 'De Smearlappen' úteinset

06 aug 2015 - 11:29

Aldwâld is dizze wike it dekôr foar de opnamen fan spylfilm 'De Smearlappen'. De film is basearre op it boek mei deselde namme út 1963 fan skriuwer Anne Wadman. De opnamen fan dizze wike wurde brûkt foar in pilot. Dat is in promoasjefilmke dat der foar soargje moat dat der jild binnen komt fan eksterne partijen. De planning is dat de opnamen foar de hiele film yn 2016 losgeane.

By it meitsjen fan de film wurkje in protte minsken en organisaasjes gear, ek Omrop Fryslân.

De haadrol wurdt spile troch Brecht de Vries út Ljouwert. Ek spilet akteur Derek de Lint mei, hy is bekend fan Soldaat fan Oranje. Hy seit it wol dreech te finen om Frysk te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)