Skeafergoeding foar dielnimmers Color Run Himpens-Tearns

06 aug 2015 - 11:13
  • Ilse Dijkstra hat grien hier nei de Color run

De dielnimmers oan de Color Run dy't 28 juny yn Himpens-Tearns hâlden waard, krije de skea fergoede. Dat hat fersekerder Nationale Nederlanden de organisaasje fan it doarpsfeest yn in brief witte litten. Hjiryn erkent de fersekerder út namme fan ferveleveransier Holi King de oanspraaklikheid foar de skea dy't ûntstie nei't de fervepoeier wêrmei't smiten waard, net mear út de klean en it hier fan de dielnimmers woe.

It doarpshûs rekke ek fersmoarge, wêrtroch ien fan de kezinen ferfongen wurde moat. Ek dizze skea wurdt fergoede.

Oant no ta ha sa'n 400 minsken in skeaklaim yntsjinne. Neffens de organisaasje wurdt der kommend jier op 'e nij in Color Run hâlden.


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)