Hurdriders trappearre by It Hearrenfean en Snits

06 aug 2015 - 09:54

De plysje hat woansdei trije rydbewizen ynnaam fan hurdriders op de A7 by It Hearrenfean en de N7 by Snits. In 50-jierrige man út Frankryk ried mei 149 kilometer oer it klaverblêd by It Fean, dêr't 100 kilometer it maksimum is. Om't de man ek noch in oanhingwein achter de auto hie, mocht hy mar 90 kilometer.

In 39-jierrige automobilist út Oranjewâld ried mei 157 kilometer by de kontrôle del. In man (46) út Westzaan rekke syn rydbewiis kwyt op de N7 by Snits. Hjir is 80 kilometer it maksimum, mar de man hie 140 kilometer op syn teller.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)