Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

06 aug 2015 - 09:46

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goeiemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike,

Helptroepen en rêdingstsjinsten binne justerjûn massaal útrukt foar in grutte sykaksje op de Langwarder Wielen nei in fermiste blau-alch. De baktearje rekke oan it begjin fan de jûn fuort en is oant no ta noch net weromfûn. De plysje giet út fan it slimste. Mei man en macht is de mar ôfstrûpt, en oant djip yn de nacht hawwe helikopters mei sykljochten boppe it gebiet hongen, moar sûnder resultaat. Hoe't de blau-alch ferdwûn is, is noch net dúdlik. Neffens tsjûgen wie de baktearje mei freontsjes yn it wetter oan it boartsjen doe't er ynienen ûnder wetter ferdwûn. It slagge omstanners net om de blau-alch wer boppe te krijen, wêrnei't de helptsjinsten ynskeakele binne.

It partoer fan De Jonge Jasper hat nei in spannende finale juster de Freulepartij wûn op de hurdsyldei fan Bûtenpost. It trio fan skipper Froukje Osinga-Meijer fersloech mei in fjouwerspan fan túchhynders de folsleine 16-kwadraats silverklasse, troch yn in foardewynsrak in sitbal te slaan, en wist dêrmei de folsleine Snitsermar stil te krijen.
De merje fan De Jonge Jasper wie yn it foar al delset as de favoryt, mar krige it yn de earste omloop toch lestich tsjin it partoer fan It Doarp Eastermar. By de barraazje lykwols joech in kweaslach de trochslach, wêrop't de gaffel yn it perk foar it Starteilân set wurde koe, sadat it tsienminutenskot presys oer de dwersbalke fan de foarynse fan ferliezend finalist Rie rûn. Sa krige de seas fan it krúsrak toch noch alles oan de hang, wêrtroch it publyk úteinlik de grutte winner wie fan superwoansdei.

It tradisjonele útgeansgeweld yn ferskillende stêden kin dit wykein net trochgean. Dat ha de boargemasters fan Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Drachten besletten. De driigjende plysje-aksjes meitsje it organisearjen fan kafeerûzjes en strjitgefjochten yn de binnenstêden ûnferantwurde.
Yn in ferklearring litte de boargemasters witte de gong fan saken spitich te finen, mar gjin oare mooglikheid te sjen. Troch de stakende plysjes is der te min blau op strjitte om de feiligens fan de dielnimmers oan de gefjochten te garandearjen.

Boeren hawwe ôfrûne Swarte Saterdei in soad lest hân fan lilke toeristen, dy't op tsientallen plakken yn de provinsje gerslân beset hawwe. Mei tinten en karavans blokkearje de fakânsjegongers safolle greidelân dat boeren soms hiele einen omride moatte om by har fee te kommen.
De ANWB warskôget foaral melkfeehâlders dan ek om rekken te hâlden mei de sitewaasje en har yn it foar goed ynformearje te litten oer de eksakte lokaasjes fan de blokkades. It liket derop dat der ek kommende sneon wer aksjes yn de greiden wêze sille, mar dat dy dêrnei stadichoan ôfnimme sille."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)