Ferwûne troch ûngelok mei quad yn Ljouwert

06 aug 2015 - 08:56

In 48-jierrige man út Ljouwert is woansdeitejûn yn Ljouwert ferwûne rekke by in ûngelok mei in quad. De quad kaam fan de Blitsaerderbrêge en botste mei in auto, dy't de ôfslach rjochting de Frijheidswyk naam. Troch de klap fleach de quad oer de kop.

De bestjoerder is mei ûnbekende ferwûnings nei it MCL brocht. De brânwacht hat de brânstof dy't út de quad lekte opromme.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok quad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)