Nard Brandsma wint aardige generale fan it FK fierljeppen

06 aug 2015 - 08:56
  • Nard Brandsma

Nard Brandsma hat woansdeitejûn de fieljepgenerale fan it Frysk kampioenskip wûn. De Heidenskipster ljepte yn Drylts 20.64. Oane Galama waard twadde mei 20.12. By de froulju wie de winst foar Marrit van der Wal mei 16.59, folge troch Klaske Nauta mei 16.20. Sytse Bokma wie mei 19.24 wer oppermachtich by de junioaren. Freark Kramer bleau stykjen op 17.48. Jarich Wijnstra sprong mei 17.15 it fierst by de jonges, Maureen Poiesz wûn mei 15.11 de famkeskategory.

Sneon 8 augustus is yn Winsum de 59e edysje fan it Frysk kampioenskip. Alles oer dat kampioenskip is te folgjen op Omrop Fryslân radio en fan healwei trijen ôf ek op Omrop Fryslân telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)