Anonime stiper stelt bungalows beskikber oan Vakantiebank

05 aug 2015 - 20:49
  • De Vakantiebank

De stichting De Vakantiebank krijt yn Fryslân de beskikking oer twa nije fakânsjebungalows. Dizze bungalows binne bedoeld foar minsken dy't ûnder it minimum ynkommen libje en dêrtroch net op fakânsje kinne.

De bungalows wurde troch in anonime stiper kosteleas beskikber steld oan de Vakantiebank. Wêr't se krekt komme te stean, wolle de jildsjitter en de stichting no noch net kwyt. Minima-gesinnen dy't mei help fan De Vakantiebank op fakânsje wolle, moatte lykwols oan strange betingsten foldwaan.

Oant no ta hat De Vakantiebank yn Fryslân allinnich in fakânsjefoarsjenning op in park yn Bantegea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)