Warskôgings foar blau-alch op ferskate swimplakken

05 aug 2015 - 20:26

Provinsje Fryslân warskôget swimmers foar blau-alch op ferskate swimplakken yn de provinsje. Sa binne der warskôgings ôfjûn foar de Aldegeaster Brekken, de Grutte Wielen en De Lange Hoek.

Op oare swimlokaasjes binne de warskôgings lykwols wer ynlutsen. It giet om De Leijen, Langwarder Wielen en it swim- en surfsintrum by Balk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)