Undersyk nei mooglik botulisme yn Snits by Tsjerkhôfleane

05 aug 2015 - 17:37

De gemeente Súdwest-Fryslân warskôget ynwenners fan Snits om net te swimmen it gebiet om de Tsjerkhôfleane hinne. Omwenners hawwe meardere deade einen fûn yn it wetter rjocht foar de poarte fan it tsjerkhôf.

De gemeente hat Wetterskip Fryslân frege om te ûndersykjen wat de reden is. Oft it om botulisme giet is noch net dúdlik. Salang't dat net wis is, advisearret de gemeente ynwenners om hjir foarearst net te swimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)