Frou ferwûne nei botsing tsjin beam yn Surhústerfean

05 aug 2015 - 16:53
  • It ûngelok op de Grinzerstrjitte yn Surhústerfean

In frou is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Grinzerstrjitte yn Surhústerfean. Mei har auto ried sy tsjin in beam. De frou rekke dêrby ferwûne en wie min oansprekber. Se is mei de ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht. Hoe slim oft har ferwûnings binne, is net bekend.

Yn de auto siet ek noch in twadde frou. Sy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs fan Drachten brocht. Ek de traumahelikopter waard oproppen, mar wie net nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)