Agressive hûn falt ponnys yn Ljouwert oan

05 aug 2015 - 16:42

Yn Ljouwert hat de plysje woansdeitemiddei in Stefford-buldog ôfmeitsje litten nei't de hûn earder op de dei twa Shetlandponny's oanfallen hie. Ien bist is deabiten, de oare ponny is ferwûne. De hûn rûn yn de Ljouwerter Bosk en wie de sleat oerstutsen nei it hiem by in pleats oan de Vierhuisterweg.

De plysje wie op it hiem mar mocht de agressive hûn net deasjitte. Dêr moast in spesjaal persoan foar komme. It bist naaide út, mar koe letter fongen wurde. In feedokter hat de hûn mei tastimming fan de eigener ynsliepe litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)