Xander Houtkoop komt by SC Cambuur

05 aug 2015 - 16:14

SC Cambuur hat him fersterke mei oanfaller Xander Houtkoop. De 26-jierrige linksbûten komt oer fan ADO Den Haag en hat in kontrakt tekene foar trije seizoenen by de Ljouwerters. Houtkoop is wiis mei de transfer. "Cambuur is een echte volksclub met ambitie die prima bij mij past", lit er witte.

Ek technysk direkteur Henry van der Vegt is bliid mei de komst fan de oanfaller. "Met zijn snelheid, diepgang en dreiging hebben we nu op de linkerkant meer mogelijkheden."

Houtkoop debutearre by FC Emmen yn it seizoen 2009-2010 yn it betelle fuotbal. Hy wie doe yn tsjinst fan SC Hearrenfean. Dêrnei spile er foar Heracles Almelo en Go Ahead Eagles.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)