Drokte yn jachthavens Skylge en Flylân

05 aug 2015 - 12:59

Yn de jachthavens fan Skylge en Flylân is it drok. Sa drok dat de havenmasters bytiden minsken mei in syl- of motorboat fuortstjoere om't der gjin lisplakken mear binne. Yn de jachthaven fan Skylge is it foarkaam dat der rigen steane foar de toilet- en dûsfoarsjenning.

Havenmaster Johan van Roosmalen fan de Skylger jachthaven ferwachtet dat takom wike de drokte wer wat ôfnimt om't yn Noard-Nederlân de boufak dan foarby is.

Op de webside www.waddenhavens.nl is te sjen hoe drok it yn de havens is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)