Twadde list op de Freule is ferkeatst

05 aug 2015 - 12:46

Op de Freule yn Wommels is de twadde list ferkeatst. Troch nei de tredde list binne de partoeren fan Achlum, Berltsum, Dronryp, Makkum, Boalsert, Menaam, Jelsum/Koarnjum/Britsum, Wommels, Tsjummearum, Rie, Eanjum en Wytmarsum. Peins giet troch in steand nûmer nei de fjirde list.

De winner fan ferline jier Hijum/Feinsum docht dit jier net mei om't se gjin jongeskeatsers leverje koenen.

Trefwurden: 
Wommels keatsen Freule
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)