Fleanshow The Flying Bulls net mear yn Snits

05 aug 2015 - 09:49

De fleanshow fan The Flying Bulls dy't foar ôfrûne snein op it programma fan de Snitswike stie, giet definityf net troch. De klassike Lockheed P-38 Lightning út 1944 dy't foar de show brûkt wurdt, kin net op 'e tiid repareard wurde. Ofrûne snein gie de show net troch fanwege mankeminten.

It tastel stiet no op it fleanfjild fan Teksel. Dêrtroch is it net mear mooglik om gau in nije fleanfergunning te krijen. The Flying Bulls ha tasein takom jier wer nei Snits te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)