Soad skea troch brân yn hûs Eanjum

05 aug 2015 - 07:29

In brân hat tiisdeitejûn foar in soad skea soarge yn in wenning oan de Stiemsterwei yn Eanjum. De brânwacht sette manmachtich yn op it behâld fan de twa wenningen neist it rychjehûs. It gas waard ôfsletten om't der mooglik gas frijkaam.

Der soe mooglik sprake wêze fan brânstifting. De plysje ûndersiket de oarsaak fan de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)