ONS ferliest fan koprinner

03 mrt 2012 - 16:46

ONS hat sneontemiddei mei 1-0 ferlern fan koprinner WHC. Yn Wezep begûn ONS mei in soad fertrouwen oan de wedstriid. Dochs kamen de Snitsers al yn de 15e minút op in 1-0 efterstân. Dat bleau ek de stân by it skoft.

Nei de tee gong in fûler ONS op syk nei de lykmakker. Dat resultearre 5 minuten nei rêst yn de grutste kâns fan de wedstriid foar oanfierder Martijn Roosenburg. Hy seach syn skot keard wurden troch de WHC-keeper. It hurde wurkjen fan de Snitsers waard úteinlik net beleanne. Troch it ferlies is it gat mei de koprinner no 9 punten.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)