Harkemase Boys pakt 3 punten

03 mrt 2012 - 16:38

Harkemase Boys hat sneontemiddei mei 2-0 wûn fan de numer lêst ARC. Yn Alphen krigen de Boys yn de 20e minút in grutte kâns. Oebele Schokker seach syn skot belânjen op de fûsten fan de keeper fan ARC, wêrnei't ek Erolind Derguti der net yn slagge te skoaren út de rebound. Rêststân 0-0.

Nei de tee seagen de taskôgers in oanfallend Harkemase Boys. Oebele Schokker sette de Harkiten yn de 67e minút fertsjinne op foarsprong. Rob van Bunderen makke yn de 83e minút dien wurk. Troch de fiifde kompetysjewinst klimme de Harkiten nei it 12e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)