SKS-rêstdei tenei op tiisdei

03 mrt 2012 - 16:07

De tradisjonele rêstdei fan it SKS Skûtsjesilen wurdt mei yngong fan 2013 net mear op freed hâlden, mar op de twadde tiisdei. Dat is sneon besletten op de algemiene ledegearkomste yn Wâldsein. It foarstel fan de feroaring yn it wedstrydskema komt fan skipper Gerhard Pietersma fan Earnewâld.

De wedstryd dy't oars op de twadde tiisdei hâlden waard, ferhuzet dêrmei nei de freed. It giet dan om de wedstryd op 'e Fluezen by Ealahuzen.

Op de ledegearkomste waard ek ôfskied naam fan foarsitter Bouwe Westerdyk, vice-foarsitter Peter de Jong nimt de funksje oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)