Wüst pakt winst op 1500 meter

Ireen Wüst hat sneon by de wrâldbekerwedstriden allround yn Thialf mei oermacht de winst pakt op de 1500 meter. Wüst bleau har konkurrinsje mei in tiid fan 1.56.01 fier foar. Dêrmei is se wis fan in startplak by it WK ôfstannen ein maart op It Hearrenfean.
By ôfwêzigens fan de Kanadese Christine Nesbitt kleure it poadium op It Hearrenfean read-wyt-blau. Twadde waard Marrit Leenstra mei in tiid fan 1.57.35. Ek sy is wis fan in startplak foar it WK ôfstannen. It brûns wie foar Diane Valkenburg dy't 1.58.05 op 'e klok sette.
Margot Boer, dy't har earder op de dei al pleatste foar it WK ôfstannen op de 500 meter, waard fiifde mei in tiid fan 1.58.32.