Avanti sakket nei lêste plak

03 mrt 2012 - 14:15

De sealfuotballers fan Avanti ha freedtejûn mei 3-0 ferlern fan AORC út Amsterdam. Benammen yn de earste helte hienen de Stienzers in pear goeie kânsen om de foarsprong te pakken, mar latte en peal stienen yn it paad. Ek de thúsploech wist it doel net te treffen.

Mei 0-0 op it boerd begûn Avanti fol goeie moed oan de twadde helte. Nei tsien minuten spyljen waard de skoare einliks iepene troch AORC. Wurgens en in persoanlike fout by de Stienzers soargen foar 2-0. Nei it tredde punt foar de Amsterdammers wie de wedstriid spile.

Troch de 8-1 winst fan de Leekster Eagles freedtejûn stiet Avanti no op it lêste plak.

Trefwurden: 
Avanti Stiens sealfuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)