Boer wis fan WK ôfstannen

© awfoto.nl
Margot Boer hat har sneon mei in 4e plak op de 500 meter by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean pleatst foar it WK ôfstannen yn Thialf ein maart. Boer waard freed 2e op dy ôfstân en wie dêrmei de rapste fan de Nederlanners.
It goud op de twadde 500 meter sneon wie foar de Dútse Jenny Wolf, sulver wie der foar Yu Jing út Sina, tredde waard de Amerikaanse Heather Richardson. Thijsje Oenema stelde opnij teloar. Freed waard se 8e op de 500 meter. Sneon einige se as 14e. Oenema kin har takom wykein by de wrâldbeker yn Berlyn noch pleatse.
By de manlju gong de winst op de twadde 500 meter sneon nei de Amerikaan Tucker Fredricks. It sulver wie ferrassend foar Michel Mulder, dy't him dêrmei kwalifisearret foar it WK ôfstannen. Tredde waard de Japanner Joji Kato.
Hein Otterspeer, dy't freed noch it sulver pakte, koe de druk sneon net oan. Hy einige teloarstellend op it 9e plak.