Harnzer oppakt foar ynbraak

03 mrt 2012 - 13:55
  • Ynbraak

De plysje fertinkt in 18-jierrige Harnzer fan ynbrekken. De man waard freedtenacht yn de Hertog van Saxenlaan yn Frjentsjer oanhâlden troch in Frjentsjerter, dy't earder sjoen hie dat in groep manlju oer in skutting klom yn it sintrum fan dy stêd. De fertochte is oerdroegen oan de plysje, hy hie ynbrekkersark by him.

De oare leden fan de groep binne noch net oppakt. Mooglik binne se ferantwurdlik foar it stellen fan in klûs, dy't dy nacht meinaam waard út in hûs oan it Alde Keatsfjild. Dy klûs is yntusken yn 'e buert fan it hûs weromfûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)