Rydbewiis drankriders ynnommen

03 mrt 2012 - 13:50

Twa begjinnende bestjoerders hawwe freedtenacht har rydbewiis ynleverje moatten omdat se mei tefolle drank op achter it stjoer sieten. In 18-jierrige bestjoerder út Oentsjerk krige by in kontrôle yn Sibrandahûs in rydferbod fan fiif oeren. Dêrneist moat er in kursus folgje dy't him wiist op de gefaren fan riden mei drank op.

In 44-jierrige man út Snits waard op De Jouwer oanhâlden en kontrolearre en krige in rydferbod fan tsien oeren. Ek dy man is in begjinnend bestjoerder.

Hy is syn rydbewiis foarearst kwyt en wurdt oanmeld foar it alkoholslotprogramma.

Trefwurden: 
drankrider rydbewiis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)