Redúster jout jonge klap

03 mrt 2012 - 13:46
  • Geweld

De plysje hat freedtejûn in 61-jierrige ynwenner fan Reduzum oppakt fanwege mishanneling. De man soe in 16-jierrige jonge út Idaerd slein hawwe. Dat wie neidat de man yn diskusje gien wie mei in groep jongeren oer fuotbaljen op in pleintsje yn Reduzum. De jongeren diene dat, mar neffens de man is it ferbean.

De man koe oanhâlden wurde, omdat in sinjalemint fan him bekend wie. Hy is wer frijlitten, nei't proses-ferbaal tsjin him opmakke wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)