Bestelbus yn greppel by Eanjum troch botsing

04 aug 2015 - 15:06

Op de krusing fan de Lauwersseewei mei de Boltawei by Eanjum, hat oan it begjin fan de middei in oanriding west tusken in bestelbus en in persoane-auto. De bus kaam troch de botsing yn in greppel neist de dyk telâne.

De belutsen auto's hawwe flinke skea oprûn. Ien fan de twa belutsen bestjoerders is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)