Drachtster mislediget plysje

03 mrt 2012 - 13:40
  • Oanhâlden

De plysje hat freedtenacht in 26-jierrige Drachtster oanhâlden omdat er de plysje misledige hie. De man siet op de fyts en stuts syn middelfinger op nei plysjeminsken en rôp wat misledigjends. Hy naaide út, smiet op de Noarderdwersfeart syn fyts oan de kant en dûkte de struken yn.

De plysje fûn him achter in hage en hy moast mei nei it buro foar ferhoar. Sneontemoarn mocht er wer nei hûs. De plysje makke proses-ferbaal tsjin him op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)