Byld Keunstrûte yn Koudum stellen

04 aug 2015 - 14:06

De Keunstrûte yn Koudum is net mear kompleet. Ofrûne wykein is in byld stellen út de tún oan de Snakke yn Koudum. It giet om it byld 'Verbondenheid' fan amateurkeunstner Coby Meijer. Foar Meijer hat it byld in grutte emosjonele wearde. Se hat it spesjaal makke foar in freondinne.

De organisaasje fan de Keunstrûte hat snein yn Koudum socht nei it byld, mar it is noch net teplak. Dêrom binne der no briefkes mei foto's ophongen in Koudum. Keunstner Coby Meijer hat oanjefte dien.

De Keunstrûte Koudum is fan 27 juny oant en mei 1 septimber. Sa'n 20 amateurkeunstners stelle harren wurk tentoan. Alle bylden binne te besjen yn privétunen.

Trefwurden: 
stellerij Koudum keunstrûte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)