Op 'e nij ûngelok op A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean

04 aug 2015 - 12:32

De sneldyk A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean hat tiisdeitemiddei op 'e nij ticht west fanwege in ûngelok. Der wie in auto op de fangrail yn de middenberm botst. Hoe't it mei de bestjoerder is, is net dúdlik. Ferkear dat yn de rjochting fan It Hearrenfean ried, hie lêst fan fertraging.

Moandei wie de dyk tusken It Hearrenfean en De Jouwer ek al ticht troch in slimme kettingbotsing. Dêrby is in 67-jierrige man út Grins om it libben kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)